Terapy of coaching yn it Frysk
Yn myn praktyk krijst de romte om stil te stean by wat der yn dy libbet. Wy ûndersykje mei-inoar dyn gefoelens, patroanen en behoeftes. Net om dy te feroarjen, net om wat te reparearjen, mar om dy tichter by dysels te bringen.
Om út te finen wa’tst bist — mei alle rollen, ferwachtingen en patroanen.
Om te ûnderfinen watst nedich hast — sûnder oardiel, sûnder haast.
Om bewustwêzen, ferbining mei dysels en frijheid om te kiezen te ûntwikkeljen.
Om stap foar stap mei mear frijheid, fearkrêft en fitaliteit te libjen — sawol yn dyn priveelibben as op it wurk.
Yn Gestalttterapy bied ik dy de romte en de stipe dy’tst nedich hast om op’e nij yn kontakt te kommen mei dysels. Dat bart net troch simpele antwurden of kant-en-kleare oplossingen, mar troch mei-inoar op ûndersyk út te gean. As terapeut bin ik in stypjende spegel, dy’t dy helpt om dyn eigen gefoelens, gedachten en ferlet te ûndersykjen en betsjutting te jaan. Soms bied ik refleksje en soms help ik dy om patroanen te werkennen dyst miskien al lang meidraachst. Dêrneist kinst eksperimintearje mei nije wizen fan hanneljen. It kontakt tusken dy as kliïnt en my as terapeut, spilet dêr in wichtige rol yn.
Yndividuele terapy
Gestaltpsychoterapy
foar folwoeksenen.
Coaching
Coaching foar meiwurkers
en liedingjaanden.
Online terapy
Online terapy of coaching, fia
Teams of Zoom.
Kontakt
Wolst in ôfspraak meitsje foar in kennismakking of hast in fraach? Kinst kontakt mei my opnimme fia de telefoan of troch it stjoeren fan in e-mail.
Kinst ek it ûndersteande formulier ynfolje. Ik nim dan sa gau mooglik kontakt mei dy op.